Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bolle dream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1968

Terherne, wol de Snitser mar,
dus foar de Panne eigen wetter
dat wynstil kleefde as wie ’t tar
hoe’t Jan* ek suchte: ”t Wie my better
dat weagen batsten tsjin de pier
en troch de waring hinne spielden,
dan wûnen wy, ’t is stjerrend wier
dat ik it bloed fûl brûzjen fielde.’

Image

Dêr soe it dan, it seil as sek,
de hannen moasten earst noch lûke
en skroeiden op it gleone dek,
de brânlucht wie yn Snits te rûken;
de gjalp lykwols kaam troch wat oars,
de fokkeloete wie fergetten,
de Panne sûnder lange noas
soe nea in eareplak besette.

Image

It startskot joech gjin suchtsje wyn
yn ’t sekseil mei de wetterpoarte,
sels mei de brochte loete yn
de fok bleau ’t snuven as in koarte;
hoewol’t de Panne lêste waard,
loek Jan mei nocht it durkslûk iepen:
‘It leit wol yn myn skippersaard
om mei in bolle dream te sliepen.’

Image

* Jan van Akker

admin

Brêge

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De spanning tusken wei en wetter,
it is de brêge dy’t beslist:
de skipper rekket soms wat letter,
de rider dy’t minuten mist.

De iere moarntiid mei twa brêgen,
dy’t riisden út ‘e ticht mist,
gjin spanning oer dy beide rêgen,
it wie no ienkear sa beslist.

Image

De ien oerbrêge ’t stille wetter,
sa tusken spoar en skoallen yn,
fan brún nei wyt, wat eaget better
foar bern dy’t binne moarntiidsblyn.

De oare, dêr’t in gat yn gappe
as trochgong foar de baggerbak,
gjinien koe dêr oerhinne stappe,
it mist net: rin dan op gemak.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum