Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Rotondewolken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De lêste blêden holden har noch fêst
oan tûken dy’t it wol ferwachten
dat it sa ferrinne soe en nei de lêst
fan buien, twirjend en mei frachten
heil, it keale libben kaam fansels ta rêst.

Image

Berêstend joech it tûkeramt him oer
oan ’t skouspul boppe, mar ek ûnder:
wolkeloften, draaiend sûnder rêst en doer,
wjerspegelen rotonde, ’t wie in wûnder
dat it draaide sûnder ien oan ’t stjoer.

Image

admin

Kuommunikaasje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se stekke der noch altyd boppe-út,
de tuorren om it boadskip oer te bringen,
de psalmen foar de preek,
it lofliet nei ’t gebed
om muoisum troch te kringen
mei ’t lieden fan de klok
berikt it boppe net
en ûnder hat de leek
yn godferlitten streken gjin ferlet.

Image

Se stekke slank en spits de hichte yn,
de mêsten om safolle ierdske netten
te foljen mei de fisk,
miljoenen tagelyk,
sa maklik neffens wetten
mei flits nei satellyt,
hiel blits yn ien kear ryk
en ûnder krijt de leek
godigitaal fan boppen de technyk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum