augustus 7, 2026

De wike hat wer west,
de sloppe flagge jout dat oan
mei amper noch it Snitser giel
en sûnder wetterpoarte:
leechte sûnder rest.
It opskuor hat ek west:
op ’t eilân kaam it derop oan
mei fûsten as fan ’t hurdste stiel
as hie de duvel boarte
mei de lette rest.
Fan east oer noard nei west,
mei hjitte koppen giet it oan,
ien fljocht de oare nei de kiel,
bloed wurdt mei bakken stoarte,
oer bliuwt sels gjin rest.
juli 6, 2026
juni 28, 2026