Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winnende lichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De moarntiid is de oere
fan it fûkelichtsjen, glêd
it kronkeljende jitten
yn de bun en nea mear sêd
fan ’t ôffal yn de djipte.

De motor pompt it wetter
op en spuitet sulver yn
de fûke, wylst de netten
droegje op ‘e sudewyn,
beklimt de tiid de hichte.

Image

De jûntiid lûkt de kleuren
oan dy’t sûnder spuitsjend fjoer
net fierder klimme kinne;
tusken tûken driuwt er oer,
de rûnte wint wer hichte.

Noch ien kear klinke flammen
oer it kleuren frettend gea
dat fangt de bûnte tinten,
lizzend op it gers foar dea
wint lichte it fan hichte.

Image

admin

Boeresoan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ut ‘e hichte fan de útsichttoer
beseach ik ’t drok beweech
fan ’t masinale meanen:
ûngetiid fan koarte doer,
yn elke tel in feech,
it like my op fleanen.

Fierder rûn ik op it plattelân
en seach ’t beweech ris oan
fan’t jonkje dat dêr wenne:
hy hie in harke yn de hân,
as echte boeresoan
liet hy him oan my kenne:

‘Foar ús heit doch ik it hiele hiem,
ik moat betiid derôf,
want oars kin ik it skudde.’
Mei de tomme oan de riem,
sa frege hy him ôf
om no noch boer te wurden?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum