Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nostalgy

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat kin de simmer al net bringe,
sjoch, de takomst is oan ’t stedsje Snits,
sa fier werom nei âlde tiden
mei de ealfrou yn har moaiste toai,
de hynders dy’t fan spanning springe,
want de ridders wachtsje op ’t toernoai,
gjin tinken oan wat bart fansiden.

Gjin nostalgy by hege galge
as de takomst weiwurdt mei in hoart
en ’t lyk noch hinget troch de nachten,
skrik oanjaget mei in fûgelgjalp,
dan wurdt it bline each ferswolge,
oer bliuwt inkeld noch it djippe gat,
de deade net, de dea wurdt achte.

Image

Wat koene âlde tiden bringe
troch de rjochtspraak fan ús ridder Rienk,
dy’t hingje liet noch mar in jonge,
yn syn eagen woe dy net omlyk.
De hynders sille hjoed wer springe,
ridders showe mei har swurd en pyk,
de trûbadoer sil derby sjonge.

admin

Fan ûnder op

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It komt fan boppen ôf,
oerfalt de simmerminske,
’t is ynienen earnst,
de stilte komt te gau,
hy hie noch oare winsken.

Image

It stribjen is omheech
lykas de sulverwizer
sjen lit as syn wenst
de trije-ienheid leech
op ierde, ’t wurdt noch grizer.

Lykwols fan ûnder op
ferrize skobbehuodden
troch de stiennen, fêst
foar trije dagen, kop
dan del neidat se skodden.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum