Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan ûnder op

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It komt fan boppen ôf,
oerfalt de simmerminske,
’t is ynienen earnst,
de stilte komt te gau,
hy hie noch oare winsken.

Image

It stribjen is omheech
lykas de sulverwizer
sjen lit as syn wenst
de trije-ienheid leech
op ierde, ’t wurdt noch grizer.

Lykwols fan ûnder op
ferrize skobbehuodden
troch de stiennen, fêst
foar trije dagen, kop
dan del neidat se skodden.

Image

admin

Foar ien dei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Alde tiden libje dûbel op
as Snits weromgiet nei ’t ferline
mei de strjitte ûnder ’t sân;
dêr’t earder klonk de grutske rop
fan skepen, froedskip, heech fan stân,
is hjoed it ridderskip te finen.

Spanning hearsket ûnder ’t sljochte folk,
dat kloftet om ’t toernoaifjild hinne;
dan, as wie ’t in tongerklap
nei ’t driigjend flitsen út in wolk,
ferskine ridders, heech fan stap
de hynders, stielhurd sa’t se binne.

Image

Mar ûnder ’t ridderkleed, foar ien dei goed,
sit elke ealman yn de hûd fan hjoed.

Fjouwer ieuwen letter op ’t perron
wurdt op it stielen meunster wachte,
groeiend yn in wolk fan reek;
de ridder eaget nei ’t stasjon,
blaast stoom ôf by it boerd fan Sneek
en wachtet swart op nije frachten.

Image

Mar ûnder ’t swarte fel, foar ien dei skoan,
glimt al de glêde Philips-hûd foar moarn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum