Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Waard eartiids brûkt foar it ferfier
fan doarp nei stêd, deselde dei werom:
it beurtskip mei de wyn as enerzjy,
de deade fracht en libben fee yn ’t rom
en boppedat de dong.

Image

Dochs bleau de âlde Friso jong,
perfekt yn steat en tsjinst foar ’t hege spul,
dat farre woe mei wyn as enerzjy;
gjin noed oer dong dy’t sûnder flauwe kul
yn ’t earst de mar yn gong.

De tiid ferrûn, naam soms in sprong
foarút, it like lykwols op werom:
it beurtskip, wol mei dong as enerzjy,
gjin deade fracht, mar libben fee yn ’t rom
dat oer de takomst song.

Image

admin

Sis it mar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoefolle hat men net te sizzen
oer it libben dat de tiid trochrint
fan berte oant hoefier men is,
in stream dy’t noch oan breedte wint,
moatst hearre, dan hoechst neat te missen.

Image

Do hast in protte al te rissen,
sjoch nei hoe’t de stôk de roazen draacht
de hichte yn dêr’t blau it docht,
dus sis it mar, ik harkje graach,
fertel, do hoechst neat út te lizzen.

Wat moat ik oer de roazen sizze
mei de eagen ticht, ik kear my yn
mysels en sjoch hoefier ik bin
op wei nei wêr’t ik hear de wyn
en harkje om mar neat te missen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum