Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De boat giet oan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It giet om ’t heechste, dêr’t de fleugel
sjen lit hoe’t de wyn de septer swaait,
de foarst te ryk,
en as it út ‘e hichte waait,
dan hearskje skippers yn har keninkryk.

It roer is dan de troan,
de boat giet oan.

It giet om lang en breed, de lading
moat mei tonnen yn it romme rom:
wat bringt it op?
Wa’t net losse kin, is stom
en mist tenei de fleugel yn de top.

Fuort waait de skipperskroan,
de boat is oan.

Wat heech en lang en breed? De flaggen
klappe ’t ritme fan it oare liet,
de prins te ryk,
en as it om de wille giet,
dan sit en stjoert de skipper wolris bryk.

It roer is foar de soan,
de boat giet oan.

Image

admin

Grûnoarloch

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se rôlje oer de tichte grûn:
alarm foar al it libben guod,
yn ’t feilich tsjuster flink en sûn,
mar ’t krûpt no eangstich fuort.

It mes snijt skerp de ierde troch,
wa’t no ûntkomt, sprekt fan gelok,
dochs dreunt it altyd noch en sjoch…
de loftmacht krijt it drok.

Se dûke nei de iepen grûn,
de jagers sjitte, witte ’t wol:
se binne net oan grinzen bûn,
net oan in deadetal.

It stiel slacht rûch de kluten op,
dêrtusken noch in inkeld lyk;
de jagers ha in loftstofstop,
de winners ha gelyk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum