augustus 18, 2023
fan ûnbekend*
De skepping is hjir stûke
foar de sechde dei:
wêr lit de oaljefant him sjen,
sjocht men de apen klimmen
of de kop fan in sjiraf?
Gjin mins sil yn dit lânskip
út ’e mar opdûke.
Dochs is it stille wetter
grien, in teken fan
de hoop dat dit is net de ein:
it is al te fernimmen
dat de kop fan de sjiraf
ynienen boppe ’t grien komt,
letter is ’t noch better.
Mar hoe is ’t as de minske
as in frou of man
te sjen is op ’e sechde dei…
de ein fan alle winsken?
* Foto ‘Taisho-fiver yn Japan’
augustus 11, 2023
fan ûnbekend*
Wol trije muorren om ’t kastiel,
massyf de stiennen tuorren,
dy’t it holden tsjin geweld,
gjin ridder koe it rêde
om yn te nimmen fort en siel.
De leafde spile ek in rol:
Bianca Pellegrini
wie maîtresse fan har hear;
in Pier Maria Rossi
hold it oant de dea ta fol.
De fresko’s, oan har leafde wijd,
fertelle net fan tuorren
dy’t it holden tsjin geweld,
mar byldzje út yn kleuren
wêr’t de fijân poer oer swijd.
* Foto ‘Kastiel Torrechiara yn Italië’