juni 14, 2024
fan ûnbekend*
De draken fan de bergen
fjurje dêr har grime út
oer folk yn hierspjeldbochten,
dat net gau skrikt fan gefaar,
sa wurde draken ferge
om te fjurjen op ’e Sanipas.
De pas rint nei de hichte
tusken Drakensbergen troch,
in wei mei hierspjeldbochten
dy’t sjauffeurs útdaagje ta
lavearjen sûnder plichten
as koereurs rap op ’e Sanipas.
Mar wêrom soe men ride
tusken Drakensbergen troch
om oars net waar te nimmen
as de bochten mei gefaar
om fan it paad te gliden…
genietsje fan de Sanipas.
* Foto ‘Sanipas tusken
Súd-Afrika en Lesotho’
mei 31, 2024
fan ûnbekend*
Wêr’t bavianen yn de hichte
slingerje, de sebra’s roffelje
mei feart de flakte oer,
dêr binne kliffen en ravinen,
hat Natoer spektakel stichte.
Oars as it leven fan de minsken,
mei it razen fan de metropoal
bliuwt net in plakje oer
foar ’t slingerjen fan bavianen,
sebra’s ha dêr ek gjin winsken.
De earnen fleane troch de poarte
oer it wetter fan de sterke stream,
’t spektakel fan Natoer
mei alle bavianen, sebra’s…
soe men sûnder harren moatte?
* Foto ‘Blyderivierpoort yn Súd-Afrika’