april 26, 2024
fan ûnbekend*
Wolkom, freugde fan de wrâld,
haadljocht oer de stjerren**,
net allinnich yn it Fryske gea,
mar ek op see by Lanikai
tusken Moku Nui en Moku Iki
riisto op, bringst waarmte mei.
Twilling, rotsen, tige âld,
mar noch net op stjerren
nei al dea, bliuw wachters foar it strân
fan ’t ivich libjend Lanikai,
rop de sinne dei nei dei it wolkom
ta, hy bringt de freugde mei.
Fûgels fan it wiete sâlt,
skodzje op jim fearren
yn de moarntiid op ’e keale rots
en flean dan earst nei Lanikai,
sjoch de sinne tusken beide wachters
rizen: ‘Wolkom dizze dei!’
* Foto ‘Moku Nui en Moku Iki, Hawaii’
** Sitaat fan Gysbert Japicx
april 19, 2024
fan ûnbekend*
Shiretoko is de namme,
park op in skiereilân,
iensum lânskip oan de ein,
gjin minske sil dêr wenje,
mar in brêge is hjir slein.
Slingerbrêge foar toeristen
om rûnom te skôgjen
fan ’t begjin en fierder nei
de ein, want Shiretoko
is sawat de ein fan wei.
Klim net oer de stielen leuning,
mar bliuw op it houten
paad, want Shiretoko is
de wrâld foar brune bearen,
op ’e brêge is men wis.
Foto ‘Shiretoko op Hokkaido yn Japan’