Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Optillend byld

Wrâldbylden

fan Martin Johnson Heade*

De kamera leit bylden fêst
fan ’t lânskip wêr op ierde ek,
sa wurdt de werklikheid werjûn;
it skilderseach heint bylden op
fan ’t lânskip sûnder fêst te lizzen,
mar set geast en hân oan ’t wurk,
fêst hat sa’n byld wat mear te sizzen.

Lit Johnson Heade syn gong mar gean,
hy klimt net by de bergen op,
mar hat it each op ’t plattelân,
de greiden oan de eastkust fan
Amearika, dy’t iepen lizze
foar it each, safier’t dat rikt,
hy lit syn byld syn wierheid sizze:

Sjoch hoe’t de himel en it fjild
harmoniearje troch it ljocht,
dat mei syn strielen ’t fjild optilt.

* Martin Johnson Heade (1819-1904)
Skilderij ‘Newburyport Meadows’

admin

Opstean foar Ruslân

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Rus Baranov koe net stilsitte,
stie derfoar yn: it komt wol goed,
dus foer hy nei Alaska ta
om foar syn lân dat op te mjitten.

In stoarm briek los mei fûle twirren,
sadat it skip kaam dêr yn noed,
syn rêding wie de lijte fan
in baai… hy fûn: dit is it hjirre!

Rus Baranov bleau dêr earst lizzen
en doe’t de stoarm ek lizzen gie,
wie ’t ûndertusken peaskesnein:
‘Opstanningsbaai’ klonk lûd syn sizzen.

De Russen stiene klear om witte
te litten: hiel Alaska komt
ús ta, want Baranov as Rus
hat foar syn naasje net stilsitten.

* Foto ‘Opstanningsbaai op Kenai, Alaska’ 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum