Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Ielguozzen boppe de Nyl

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Se ha har deistich wurk wer dien,
it dûken nei de glêde iel,
mar watfoar fisk ek foar har swimt,
sels grutte glide troch de kiel.

Gjin swarte goes en ek gjin raaf,
as ielgoes giet er troch de tiid,
hy is himsels, swimt, dûkt en klimt
en spriedt op tiid syn wjukken wiid.

Yn Fryslân wurdst him ek gewaar,
mar fierderop dûkt hy ek op,
by Aswan klimt er op in rots,
rêst bringt him der wer boppe-op.

De iel swimt yn syn mage om,
mar wurdt úteinlik wol de bút
dy’t stadich op ’e rots fertart,
de bonke koarret hy dêr út.

* Foto ‘Ielguozzen op ’e rots yn de Nyl’


admin

Fjoerdelling

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Kom nei de delling fan it fjoer
om deis de hjitte te fernimmen
dy’t op ’e reade rotsen brânt,
lûk nachts de sliepsek oer de krún
om waarm te bliuwen yn de kjeld,
mar net as men de stjerren telt.

Sjoch hoe’t de makker fan de koer
syn teken yn de sânstien kerve
hat, al twa milennia
ferlyn, syn ynspiraasje wie
de himel dy’t him joech it ljocht
fan sinne, moanne, stjerrenocht…

… sa’t ek de minske hjoed de dei
nocht oan it fallen fan de stjerren
hat; in stien, dy’t efkes brânt
en dêrnei yn de kleare nacht
ferstjert, bliuwt libben troch syn pracht.

* Foto ‘Valley of Fire State Park yn Nevada’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum