Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Fierst, leechst en heechst

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Fier, fierder, fierst,
dat seit wat fan it kâlde Iislân,
fierder noch fan de Westfjorden,
fan dit skiereilân it fierste diel,
in paradys foar de toerist.

Leech, leger, leechst,
it leechste diel fan ’t fiere Iislân,
minsken ha dêr folop romte,
fiele har in diel fan it gehiel
en rikke allegear it heechst.

Heech, heger, heechst,
de fûgels klimme boppe kliffen
út, noch heger, fier de romte
yn, in ûnderdiel fan ’t paradys,
foar minsken is dy klim it dreechst.

* Foto ‘Strandir op Westfjorden, Iislân’
 


admin

Mar fan de marmotten

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De mar fan de marmotten,
’t is it eilân dat dy namme jout,
mar gjin marmot stekt dêr de kop op,
’t is de foarm dy’t komt foar eagen,
gjin marmot om djip te wrotten.

Der foel net mei te spotten
doe’t de djipte in benearjend lûd
joech, folge troch in stream fan lava;
yn de krater kaam djip wetter,
’t waard de mar fan de marmotten.

De mar mei alkaline
is foar fisk en plant gjin gaadlik plak
om yn te libjen, gjin marmotten
en gjin libben yn it wetter,
wol de sulver-hjerringslynder.

* Foto ‘Mar fan Cuicocha yn Ekuador’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum