november 16, 2024
fan ûnbekend*
Lit de natoer syn gong mar gean,
want dan ûntstean de moaiste bylden,
dêr’t it wetter kleur oan jout,
de skilder bliuwt der stil by stean.
De weachslach fan de Boppemar
hat soarge foar tal fan formaasjes:
fan kastieltoer oant portret,
de keunstner hat in grutte kar.
Grûnwetter fiert de kleuren mei
fan allerhande mineralen:
izer, koper en mangaan,
de skilder sjocht der suchtsjend nei.
Gjin keunstner is by steat te dwaan
wat de natoer as keunstwurk makket,
kolossaal, ek noch yn kleur,
de iuwen troch sil ’t him ûntjaan.
* Foto ‘Pictured Rocks, Lake Superior, Michigan’
december 7, 2024
november 29, 2024