Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Beweging fan Gaudí

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Gaudí lit Barcelona sjen
as stêd fan weach en hichte,
heech troch mannich slanke toer
en muorren dy’t as wetter weagje,
nea giet dy beweging oer
yn wat foar ’t keunstich each net kin,
de foarmen sprekke as gedichten.

Gaudí, reumatysk al as bern,
seach foarmen yn beweging,
reizge yn de tiid werom
en liet de âlde stilen weagje
tusken wrâldsk bestel en from,
sa gie gjin stikje keunst ferlern,
fan boppen kaam foar him de segen.

Guadí seach boppe stêd en lân
de ‘Hillige Famylje’,
tuorren fan in katedraal,
in oseaan dy’t ivich weaget,
sa fertelde hy ’t ferhaal
fan ’t Bern oan heit en mem har hân,
it sil de tiden troch noch spylje.



* Foto ‘Antoni Gaudí’
** Foto ‘Sagrada Familia’

admin

J’accuse

Skiednisbylden

fan Emile Zola*

Wat kin de pinne al net dwaan
troch flamjend foar it rjocht te skriuwen,
dat ta stof fertrape wurdt;
de skriuwer kin de oanstjit jaan
om mei ’t beskuldigjende wurd
de haters te ferdriuwen.

It wurd kaam fan Emile Zola,
de jonge dy’t yn earmoed libbe,
ûnderfûn wat ûnrjocht wie;
hy moast it fan syn pinne ha,
syn skriuwen fierde ta de die,
hy hat it net oerlibbe.

Hy skreau foar Dreyfus, offisier
beskuldige fan spionaazje,
wylst er wol betrouber wie;
Zola hold Dreyfus’ wurd foar wier,
want wêrom wie in Joad syn die
net rjochte op ’e naasje?

‘J’ accusse’ joech de ear werom
oan Dreyfus, gjin diskriminaasje,
mar sa tocht net elkenien;
hoewol’t Zola fertsjinne rom,
waard him troch ien de dea oandien,
foar Frankryk in blamaazje.

* Emile Zola (1840-1902)
Iepen brief ‘J’ accuse’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum