Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Hjitte hûn

Skiednisbylden

fan ûnbekend*



Wa ken net de hjitte hûn?
De hotdog, broadsje mei in woarst,
hat op ’e wrâld syn paad wol fûn,
waard yn Amearika in moast.

Moatst ris priuwe, fette hap
út Dútslân, iuwen al bekend,
de hûn in hapke foar de grap,
it bistke rekke deroan wend.

De Dútsers namen ’t hûntsje mei
de weagen oer, as ymmigrant,
it fûn dêr daliks al syn draai,
de fette fretter waard syn klant.

Dorgan** tekene ta spot
in teckel tusken ’t broadsje knypt,
besegele wie doe syn lot,
dêrnei hat elke fretter grypt.

Chestnut*** friet yn ien minút
sân teckels op, in nij rekord,
der kaam dêrnei ek wol wat út,
dy brune brokken eagen goar.

* Spotprint ‘Hotdog’
** Tad Dorgan syn spotprint út 1906
*** Joey Chestnut iet yn 2013
yn tsien minuten 69 hotdogs op

admin

Oanslach op Alfons XIII

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Alfons, al kening fan de berte ôf,
koe net allinnich troch de tiid:
syn mem wie regintes
oant hy as foarst him jilde liet,
syn twadde opsje wie in frou.

Syn earste leafde heakke daliks ôf,
de twadde wie Victoria;
syn mem lies him de les,
moast neat fan lege adel ha,
it stiek yn Spanje nochal nau.

Alfons, no wiere kening op ’e troan,
woe net allinnich troch de tiid,
dus mei Victoria,
de mem wie wyt fan haat en niid,
it folksprotest wie tsjin har soan.

It brulloftspear ried troch in drok Madrid
doe’t Mattias stiek oan de bom
en smiet dy nei har ta;
der kamen tritich minsken om…
it pear tocht faak noch oan dy rit.

* Foto ‘Foar de oanslach’
** Foto ‘Nei de oanslach’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum