oktober 6, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It djipste wêzen yn de minske
sprekt him bytiden trúnjend oan,
sadat er net mear swije kin,
dan spuitet azem út ’e boarne,
de ynspiraasje dy’t er winske.
Dreech kaam syn azem yn de longen,
wat him ûntnaam de kleare toan
en ’t libben in gewoan ferrin,
dochs bleau hy trou oan eigen boarne,
dy’t spuite foar in leave jonge.
Syn djipste winsk wie om te skriuwen:
‘Op syk nei de ferlerne tiid’,
de djipte seit hoe’t ik eins bin:
in keunstner dy’t beskriuwt de boarne,
’t ferline om bestean te bliuwen.
De lêste azem glydt nei bûten,
de lea ferlieze sa de striid,
de tiid, werfûn, hâldt fêst de sin
fan ’t djipste wêzen yn de minske…
de deade hat it libben moete.
Foto ‘Marcel Proust’
Foto ‘Deadsbêd fan Marcel Proust’
september 29, 2019
fan ûnbekend*
Kin in frou in Mozes wurde,
de Mozes fan it slavefolk?
Se hat nei frijheid stribbe,
wie fan rjochtfeardigens de tolk
en fierde swarten nei nij libben.
Yn ’t paleis hat sy net wenne,
sy bodde op har eigners grûn,
hie sels gjin eigen libben,
waard slein, noch hurder as in hûn,
de nacht wie lang troch seare ribben.
Lykas Mozes is sy flechte,
ûntsnapte út ’e slavesel,
mar kaam werom foar oaren,
dy’t helle waarden út ’e hel,
sa hat sy har bestean feroare.
Harriet koe Mozes wurde,
in frou mei likefolle moed
rûn yn ’t bestean nei foaren,
kriich yn ’t beloofde lân de groet
fan Him dy’t hiel de wrâld feroare.
* Stânbyld fan Harriet Tubman yn Little Rock’