oktober 20, 2019
fan Max Unger*

As Noarman mei in flymskerp swurd
woe keizer Wilhelm wol de wrâld oergean
om kusten te befarren,
dêr’t it goud fan fierren blonk,
hy seach himsels al striidber stean.
In byld riist boppe mannich wurd,
de keunstner gie oan ’t wurk op keizers wink
en hat himsels net sparre;
Frithjof, dy’t fan fierren blonk,
wie foar de Noaren in geskink.
Held Wilhelm Frithjof gie de wrâld
oer as de keizer fan de Grutte Kriich:
de earste foar de twadde,
doe’t de stim fan Adolf klonk,
in Frithjof mei flymskerp geliich.
* Max Unger (byld makke yn 1913)
Byld ‘Frithjof’
oktober 13, 2019
fan ûnbekend*
fan Henri Matisse**

Amearika joech om tradysje,
keunst ferbûn mei romantyk,
sadat men sjen koe wat it wie:
figueren lykas op in kyk,
dus sa sa’n bytsje.
Mar sjoch Europa mei in fyzje,
keunst, lûd bearend, ekspres wyld,
sadat men fielde wat it wie:
de hiele maatskippij yn byld,
mear as in bytsje.
Nei Armory, de wapenopslach,
om it folop oan te sjen
wat út Europa oanfierd wie;
men waard fan fijân net gau fan…
de keunst as snútslach.
De presidint*** joech ek syn fyzje:
leaver roazen op it fjild
as bleate froulju foar de die;
foar ’t Europeeske wapen jildt:
men kin it hysje.
* Foto ‘Armory’
** Henri Matisse (1869-1954)
Skilderij ‘Blau neaken’
*** Theodore Roosevelt