Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Krystjûn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik fyts op dizze krystjûn
om de ljochten
fan klipper, tsjalk en skûtsje
digitaal te heinen…

Image

… troch stegen en strjitten
dy’t, nei de rjochten
fan keapsiik folk,
folslein ferlitten
lizze te wachtsjen
op ‘e stappen
fan man en ezel
en op ‘e ingelewolk,
mar as ’t begjint te drippen,
sipelt allinnich it skynsel
fan seilen en fokken
op it dek fan de skippen…

Image

… en rûzje autobannen
oer ’t spegeljend asfalt
op wei nei it feest
fan ’t âlde ferhaal
yn elk syn taal.

admin

In wiere kryst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat fannacht wat ferzen
sa tusken buikes troch,
mar sjoch, it bliuwt wat spitich
dat skieppefellen noch
gjin skutkleur ha en witich
bedjerre sfear en nocht
oan teksten om te lêzen
wat giet foar krysttiid troch.

Image

Mar dochs, it kin wol wêze,
ast sjochst nei lyts Hidaard,
dat slierten it fersiere
om kryst te jaan it aard
dat wisket as it wiere,
mar útglydt op it paad
dêr’t dat him iepenbierre
wat snie teit fan de kaart.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum