september 25, 2016
Wy reizgje nei it suden om lân en see te sjen, as pake fol ferwachting fanwege Jesse, bern fan acht en tûk op lûden fan treinen tagelyk fan Starum en fan Ljouwert mei as bestimming Snits, mar net foar ús, want fjouwer stasjons besjogge ’t lân, it fiifde leit oan ’t wetter en mei myn sûn ferstân sjoch ik nei bernsbern Jesse, ferwachtsjend dat er ryk fan alle bûtenlessen weromkomt yn stêd Snits, mar Jesse wit wol better: hy lêst de lêste Spits. |
september 24, 2016
Se binne kunde fan elkoar, it stedske en it doarpske mantsje en steane heger as in oar, bewege byldzjend foar de eagen fan wa’t har sjen wol as ikoan: de goaden dy’t as fûgels fleagen, op reis fan doe nei hjoed en moarn, mar hjoed de dei… se binne klommen as mantsjes fan Olympus op stielen poat om hiel gewoan it fleanend folk derop te wizen dat stadichoan dwaan hat in plus, mar hiel opmerklik tusken beide ferskilt it tempo en de toan: de stêd rint nei it park, ferrizend as byld fan it natuerlik grien… … it doarp sit drok bewegend, wizend |