Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Tûkleas stjerre

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se hiene ús beknotte,
it wie út goederbêst,
de groei soe sa wer komme,
de woartels sieten fêst,
myn stam wie net ferrotte,
dus ha ik rom de rêst
foar’t grutte groeiwurk nommen.

It wurkjen is mislearre,
hoe’t ik myn bêst ek die,
de groei woe mar net komme,
de ein joech my gjin rie;
moast ik dan tûkleas stjerre,
der gjin begrutsen wie
fan dy’t deroan ûntkomme?

Image

admin

Slachfjild

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As it ûnferstân stapt op ‘e fyts
en dronken op syn fuotten stiet,
de kriën krasse deadewacht,
dan is it iepen fjild te lyts
foar libben dat no net mear giet:
dêr leit it offer fan de slacht…

Image

… gjin plak mear yn de keale beam
dy’t skean fan stam net langer stiet
as dizze alderlêste nacht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum