Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ballade fan de Snitser deaden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêr ha de Snitsers har plak krigen
nei’t it libben joech de geast,
wêr binne al dy deade-rigen
dêr’t it libben fynt de treast?

1400
Yn kleasters wiene de kapellen
en de hôven bûtendoar,
de Johanniters hiene sellen
tichteby it noarder spoar.

1500
Doe’t tsjerken noch de toan oanjoegen,
klonken klokken dreunend drôf,
de rike waard yn tsjerke droegen,
bûnte earmoed kaam op ’t hôf.

1520
Wêr ha se Grutte Pier begroeven,
doe’t er letter Snitser waard?
Hy hearde net by Rap syn boeven,
kaam dus yn it tsjerkepaad.

1823
De Snitser Joaden hiene oare riten
by ’t begraven fan it lyk,
de wyk yn ’t easten, sa’t jim wite,
wie har eigen deaderyk.

Image

1825
Mei stoarm en springtij kaam it wetter
oer de dyk, oan ’t dakspant ta
en ’t wie noch mar in skoftke letter,
doe briek út de goalera.

1827
Mei mear as trijehûndert deaden
lette elke dei de klok,
hoe’t it libben yn de dea ferkearde,
kaam op Snitsers oer as flok.

It âlde tsjerkhôf waard doe sletten,
oanstampt mei semint en kalk,
de wet oangeande de besmetting
joech beskerming foar it folk.

De deade lykwols waard ferballe
út ‘e Snitser mienskip wei,
it nije tsjerkhôf kaam doe folle
fierder, dêr’t de greide lei.

Image

1892
De katoliken fûnen ’t nije
tsjerkhôf fierste algemien,
se woene ’t eigen hôf ynwije,
ha dat jierren letter dien.

Image

1981
Mei trije hôven foar ien mienskip
wie de romte noch te min
en dêrom kaam de rie mei ’t boadskip:
útbou as in nij begjin.

En wêr’t de gravers doe op stjitten,
dêrmei is de rûnte ticht,
in muorre fan de Johanniters,
harren hôf kaam ek yn ’t sicht.

admin

Regeling

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De mar is leech, no docht
de werklikheid my sear
om’t ik it libben mis
fan seilen yn it ljocht
fan loft en spegeling;
de tiid set troch, sa wis
as winterdei it near
leit op it spul fan wyn
en seil sa klear wit ik
fan dizze wegering.

Lykwols de skepper syn
belibbing lit gjin plak
foar leechte op ‘e mar
en skilderet stik foar stik
de seilen, stjoer en bak,
sekuere spegeling
fan simmer-werklikheid
en ik besjoch syn kar
foar foarm en kleur en fyn
’t in rynske regeling.

Image

Mei tank oan G.J. Veenstra
www. galerie-offingawier.nl

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum