Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Us dochter dokter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De ieuwenâlde wittenskip
mei hearen heech yn ’t learen
seach mei niget op har del.
De frou, wol makke út in rib,
gjin slang kin har mear deare,
want sy sit yn doktersfel.

Image

Har ideaal lei yn ’t bestean
fan bystean fan de sike,
yn it koart kaam ’t dêr op del.
De stúdzje hat har útsicht bean
op earme bern en rike,
mei in swart en ljochter fel.

Image

Dy wrâlden leine útinoar
as fuottenein en holle,
mar ferbinend wie it hert.
Sy gie derhinne, stie der foar,
gjin bern wie har tefolle,
’t slangelibben woe se net.

Image

Se kaam werom, de stúdzje dien,
de hearen heech yn ’t learen
stelden har ferline fêst
as dokterstakomst mei noch ien
betingst: de slang net keare,
mar hy sit wol achter glês.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum