Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Djihad

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wy roppe hjir: Nee, gjin djihad,
de frede is ús hillich,
ús striid giet om it beursklimaat,
oan hege-rein gewillich.

Us hillich doel? Wy fiere út
ús noarmen en ús wearden
op basis fan it einbeslút:
de oaren ha ferkearde.

Wy roppe hjir: Gjin yllegaal,
ús wetten binne hillich,
wy sprekke nasjonale taal
en binne net swiertillich…

… om nachts de doarren yn te slaan,
legaal de yllegalen
it hillich tsjinstbefel te jaan,
bekend yn alle talen:

de earm nei foaren, fuort dermei,
it bern wurdt sels net sparre,
it lânklimaat dat is dernei,
ús djihad sil hjoed barre!

Image

< Foarige
admin

Ik bin

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik sjoch net heger as de loft,
it blau mei wite streken
fan wolk en fan it fleanend folk,
wy binne mei elkoar de leken
op ’t flak fan wat sa al ûntploft
is fier foarby it blau yn ’t kolk-
jend oerbegjin.

It teleskopysk each sjocht fier
foarby it blau de stjerren
dy’t stjoerden ’t ljocht fan hoe lang wol
net lyn, miljarden jierren
foardat it libben op ‘e ier-
de kroep en fleach en rûn mei hol-
len fol fan sin.

Ik wriuw de eagen út sa moarns
betiid as yn it easten
de loft ferkundiget mei rea
dat foar de minske ’t earste
bestiet út ljocht, ultime kâns
te libjen yn it hjoed, begea-
rich nei ‘ik bin’.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum