Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Plastic

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De driging fan de nacht
wie djipper as de mar
en heger as de wolken,
mar is de dei oan bar,
dan skept it ljocht de dracht
fan wat ‘Ik bin’ fertolket.

Image

Ik bin it strieljen nei
de hichte en belis
it wetter mei in loper
fan sulver, like wis
baai ik troch mist en saai
nei beam en strúk it koper.

Image

Ik sjit omheech, want sjoch
it blau lûkt ivich oan,
mar ûnderweis dan test ik
de blêden fan de moarn
en fyn sa út en troch
yn hege beammen plastic.

Image

admin

Swart-wyt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De hjerst krûpt oer it gea
en fret de kleuren op,
it reuzeblêd ûntkomt
net oan de swarte dea,
mar sjoch, dêr fierderop
it bliuwend read fan wat
de minskehân oait lei
as dak, beskerming foar
it frettend fee dat
noch langer bûten mei
en set him hjerstmis skoar
mei ’t wite tusken swart.

Image

< F

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum