Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Rûs

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wy ynhalearje elke dei
it rikjend jeien troch de tiid:
de moarns it opgean fan de bern
as sinne mei de wolk op wei
fan ljocht nei skaad en wer werom,
gjin fiif minuten gean ferlern;
de middeis op it hichtepunt
fan ’t draaiend ekonomedom
bestjoert it kapitaal de wrâld,
dat tiid is jild yn kleare munt;
de jûns as ’t ljocht de siken jout,
dan ljochtsje alle skermen op
mei bylden, fiif sekonden âld,
dan stjerrend, mei dy dea fertroud;
en nachts foar pampus, yn de sûs,
bedreame wy wol mannichfâld
de dei mei bylden, jild en bern
en moarn begjint deselde rûs.
admin

Op ‘e útsichttoer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dêr stean ik dan yn ’t sintrum fan de wrâld
en heger as it wetter en it lân
op ’t stielen roaster fan de útsichttoer,
dit simmerôfskie lit de lea net kâld.

Image

Nei ’t hege noarden giet de linkerhân:
it leechlân mei de greiden dêr’t de boer
beskrept de wite jefte fan it fee
en ek dat eigen aarden hâlde stân.

Image

De rjochterfoet stapt nei it easten ta:
de mar by ’t lege sinneljocht as see
dêr’t farrensfolk de fierte as har doel
en deistich brea of priis foar eagen ha.

Image

It suden freget om de rjochterhân:
in gouden greep beslein yn houten boel
dêr’t lju de sinnedagen yn it jier
evaluearje as dit ha wy hân.

Image

De linkerfoet bliuwt foar it westen oer:
de hege beammen om de swimmerspoel
dêr’t klaaid en neaken, snee en pier
ûnsichtber binne foar de útsichttoer.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum