Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Leavehearsbern

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Nei oanlieding fan Jehannes 8, 1 – 11
en fan de tsjerketsjinst yn Itens op 28-10-2006

Image

Us Leave Hear wol net yn tsjerke bliuwe,
Hy rint it paad del nei it fuotbalfjild
en sil syn doelen tusken peallen skriuwe,
want bobo’s smite sljochtweihinne slompen jild.

Image

Hy lit de stjerren fan de himel falle
en traint de nul-nul bern op ljochtskyndei,
sy spylje mei har lea en hert en holle
en ’t leavehearsbist boartet as maskotte mei.

Image

admin

Brutsen rêch

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie in stille sneintemoarn,
de Koaiwei lei der rêstich hinne,
doe kamen der twa auto’s oan,
it moast al bjuster nuver rinne.

It rûn ferkeard, se rieden troch,
hoewol’t de krusing oars ornearre,
de beide harsens remmen noch,
mar ’t senuwstelsel wie blokkearre.

Se draaiden harren deadedûns
dy iere moarn op ‘e rotonde,
de blauwe joech de bak de bûns,
mar beide boeten foar ien sonde.

It offer lykwols brocht de hûn,
in brutsen rêch foar ’t earme bistke,
de sturt lei stil, mar nuver sûn
beweegde noch de rutewisker.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum