Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

It hynderke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik fûn it op it smelle paad,
tichtby it hôf dêr’t deaden rêste:
in hynder, lizzend yn it skaad
fan dit is grif it alderlêste.

It hynder wie har ideaal
dat sy beried yn al har dreamen;
sy sprong dermei op lytse skaal,
mar waard doe krekt dat hynder earmer.

It wie har kaai nei dreamelân,
de twadde wie foar ’t hynstedeiboek;
de earste miste se, har hân
betaaste triljend beurs en bûsdoek.

It slot giet iepen mei de kaai
fan ’t deiboek: hynders dy’t har treaste;
ik nim har deade hynder mei,
dat lei by ’t hôf fan tûzen geasten.

Image

admin

Projektplannen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat bliuwt, is de kastanje,
in dak fan sterke spanten
en lagen griene pannen
dy’t, maitiids mei de franje
fan wyt oan alle kanten,
de tsjûge wie fan plannen.

Image

It wiene plannen fan
de oare kant dy’t mei
de pont sa hin en wer
de feart oer foeren:
sterk fan geast de man,
in wizer fan de wei,
bestimming hjir en dêr,
in pleisterplak foar oeren.

Image

Mar as de jierren geane,
feroarje ek de plannen,
in oar hat wat te sizzen:
safolle manlju steane
mei pannen yn de hannen
om op it dak te lizzen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum