Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Paad fan wiisheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It paad fiert nei de folle fierte,
mar fregest ek hoe fier it is
fan wêrsto stiest nei wêrsto giest,
is ’t wol de muoite om te witten?

Image

It paad sil kleurje libben grien
fan ’t jonge streamen nei de see,
de fierte is it aventoer,
hoe fier it is, folt yn gjinien.

It paad rint nei de smelle ein,
beknotte troch it lege nee,
sawat is ’t folle libben oer,
te wachtsjen stiet de lêste trein.

Image

Wa sil de minske witte litte
it aventoer dat muoite wurdt?
It paad fan wiisheid wiist hoest giest,
hoe fier it is, leit yn de fierte.

admin

Sin

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Men hat gjin datum nedich
om de maitiidsbloei te sjen,
te hearren hoe’t it fûgellûd
it minskesin bespylje kin;
men docht it omdat hjoed
de sinnen iepensteane
foar in omslach yn de tiid
en de sin derfan fersteane.

Image

Men rint sa evenredich
oant it riedsel fan it hier
ferset de sinnen nei in plak
dêr’t bline data weagje swier;
elk kriget syn gerak
mei sân dy’t der foar geane,
as it hier fljocht wiid en siid,
dan wurdt it sin beleane.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum