Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Blommen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik seach mei eagen fan in bern
de berm en greide fol mei blommen,
ta nammen wie it noch net kommen,
mar ik stie en siet en lei om te besjen.

En doe’t ik dan op skoalle siet,
ferwylgen blommen mei de nammen,
kronkeljende harsens dy’t ferlammen
wat natuerlik yn it bernehert omgiet.

En no’t de bermen iepenstean
foar minskebern om yn te kommen,
ride wy de karren winkelblommen
nei de kassa, want der mei ús neat ûntgean.
Image

admin

Hege pony

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sis it ris, wat seist fan my,
kin ik it oansjen lije?
Ik bin myn eigen skepper net,
wat silst my hjoed fernije?

Dat ik koarte poaten ha,
jawis, ik wit net better.
Ik bin myn eigen draver wol
en kin dus op ‘e kletter.

Dat ik skeane skammels ha,
hat mei de grûn te krijen.
Ik kin de wrâld gjin oansjen jaan,
dus moat ik it belije.

Koarte earen hast it oer,
jawis, lit dy mar sitte.
Ik bin myn eigen harker wol,
gjinien hoecht dus te mjitten.

Hast it oer myn goare hûd,
ik ha gjin stikje sjippe.
De kaen fine it wol goed,
dy pikke wylst se hippe.

Sa, ik draai my no mar om,
dan sil de kont noch sizze:
Ik ha hjoed skyt oan dyn krityk,
sa leech wol ik dy lizze.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum