Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Antonius

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De hillige Antonius
joech al syn skatten wei,
himsels naam hy allinnich mei,
syn lea en siel nei de woestyn.

De hillige Antonius
kaam by de Reade See,
hy libbe op dat iensum stee
as sylde hy skerp oan de wyn.

De kluzener Antonius
bestried de duvels fûl
en sylde nei syn hillich doel:
in sûne siel de himel yn.

It sikehûs Antonius
leit yn de striid foaroan
fan ’t goede hjoed nei better moarn,
as Fryske flits skerp oan de wyn.

It silende Antonius
berikt de finish nea:
it doel is better, net de dea,
mei sûne lea it libben yn.

Image

admin

Dreamen wier meitsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ast noch bern bist, sjochst nei boppen
dêr’t de stjerren dreame litte
fan ast grut bist: stjer yn ’t koppen
fan de bal of rekke sjitte
om it fier te skoppen.

Ast dan grut bist, skopst fierhinne
sûnder dream fan stjerren
dy’t ferblikke yn de sinne
fan it stribjen om forsearre
fan de oar te winnen.

Bisto wizer fierder kommen,
dan ferwize fiere stjerren
nei de bernetiid fan tomme
yn de mûle, dreamend hearre
by it lytse romme.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum