Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Stedsparadys

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat is de stêd oars as it plak
fan jeien tusken wurk en bêd,
de holle altyd ûnderdak,
de mage fan it fastfood sêd.

Nim dan it plak dêr’t Adam trof
syn Eva neaken yn de tiid
krekt makke út it ierdske stof,
it bêd fan gers wie wiid en swiid.

Mar sjoch de stedsjer rekket los
fan altyd wurk en ûnderdak
en komt mei bad en mei matras
yn ’t eigen paradys teplak.

Image

admin

Eachweid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De bloei is wyt fan wille,
biedt trochsicht oer de sleat
mei fiere kym fan hope,
neat wat it eachweid keart.

Image

Ik kin de bermen tille
op hannen, nei ferrin
sweef ik op rook fan blommen
omdat ik lichter bin.

Ik lânje op ‘e strjitte
deunby in hagedoarn,
de skerpte wol my prikke,
de bloei is read fan toan.

Image

Hy kin de tiden mjitte,
omdat er útsicht hat
mei staar op beide eagen
dy’t sjogge sokssawat.

Soed er de tiid noch witte
fan bermen op ‘e hân
fanwege wite wille
mei eachweid oer it lân?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum