Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ik en wy

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It ik stekt heech de holle
boppe ’t meanfjild út,
want neat is him tefolle,
fêst stiet syn beslút.

Image

Heech bisto, papaver,
bluodrich tsjin it blau,
bedwelmjend is dyn ynfloed,
ego yn de kou.

It wy bliuwt folle leger,
breder op ‘e grûn,
sa mei elkoar ynteger,
fêster yn it rûn.

Breed ha jimme, klaver,
struid it lokkich read
en mei jim grutte tafloed
de papaver keard.

Image

admin

Bern

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Soe net in mem har bern
it libben leare,
stap foar stap foarút
en op ‘e seare
knibbel komt in tút.

Image

It hynder lit ek sjen
dat memmeskonken
binne it model
foar ’t fôltsje njonken
har, sa fel oan fel.

Mar yn it wetter kin
de pyk fan kobben
daliks al yn ’t spier,
hoe grut de dobbe
is, it rêdt him ier.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum