Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Op in hoop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1983

Wannear’t se op De Feanhoop farre,
is de hope leafst gjin hoop
op ’t plak fan Stobbehoek,
want drama’s sille barre
sûnder roer en fol it doek.

Image

De wâlstart koe wol sprekken lije,
linyfarre, dan yn ’t breed
de tugen, fjirtjin kear,
dit rak elkoar noch mije,
mar by Stobbehoek net mear.

Image

De stobben skodden ûnder wetter
by de botsings, stiel op stiel
en prikjebrekkend hout,
geflok as fan in ketter,
wa siet goed en wa wie fout?

It like geunstich foar dy’t bleauwen
yn de striid, mar ’t wie mar skyn,
gjin skipper kriich in priis;
foar Joop* wie ’t net te leauwen,
dat: ‘Jim binne lang net wiis!’

Image

* Joop Mink fan Grou wûn de wedstriid

< Foarige
admin

Wiet ferline

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik skûle ûnder beammen foar de rein
en kuerde troch en oer it wetter
dêr’t in mini-skûtsje efkes letter
dweiltrochwiet nei it ferline foer.

Image

It wie it modderfarren sûnder ein
fan skippers dy’t de terp ôfgroeven,
dweiltrochwiet oan ’t roer de wâl lânsloefden
en de fracht wer losten foar de boer.

It reinde noch en ’t dripte troch it blêd,
dat wêrom soe ik langer bliuwe,
want de rinners woene skiednis skriuwe,
wiet as poepen ’t hiele lange ein.

Image

Se meanden mei in fêste slach en trêd
de greiden oer oant út ‘e liken
nei de boer syn sin, dy’t nei seis wiken
útbetelle hat en goeie sein.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum