Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ballade fan it Jabikspaad

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Programma ‘De Middei’ fan Omrop Fryslân

Withoefolle earst noch griis
bejoegen har op pylgerpaad
nei fiolette fierten
foar in libben hiel en wiis,
fan leafde read op rûtekaart,
ûneinich blau ûnthjitten.

Image

Jabik yn gewoane dwaan
in fisker oer de wetterwei
mei netten fier derûnder,
roppen om it op te jaan
foar minskefisker, pylger mei
de skulp, it rûn foar wûnder.

Fryslân naam syn namme oan
en sette sint der hillich foar
as plak fan start en mazzel,
oer it paad nei Friens en Boarn,
gjin pylger gie dy reis teloar,
want elk kaam oan yn Hasselt.

Image

’t Pylgerpear fan ’t freegjend wurd
dat fleach bylâns it himelsk paad
nei alle Fryske plakken,
makken pratend pylgers grut
yn ’t djipgeand sykjen nei har aard
om sa de kearn te pakken.

’t Skipperskaai rûn ien dei mei,
as fisker Jabik wend oan ’t wiet,
mar nuver mei de nammen:
Tsjerke op ‘e pylgerwei,
It Heidenskip as berngebiet,
it flokte ûnbeskamme.

Roppen troch it himelsk lûd
bejoegen lju har bûtendoar
om pylgers te begroetsjen:
rikke woarst foar nije moed,
it kopke kofje wie derfoar
om jong en âld te moetsjen.

Image

’t Pylgerpaad rûn nei de rêst
fan deaden op it hôf fan Friens
dy’t libbenen fertelden
fan ’t bestean yn lok en lêst,
har pylgerreis, folslein mei iens:
sy wiene doe de helden.

Image

Binnen spriek de stilte oan
fan wapens rûnom yn de rou,
in tiid fan meditaasje:
it memento mori, moarn
bisto oan bar, ûneinich blau…
by himel yn de graasje?

Image

Foar it blau komt earst it read
fan jûntiid, fierder rûn de dei
nei fiolette fierten;
hynstehoeven joegen feart
oan pylgers, finend op har wei
wat Jabik hie ûnthjitten.

Image

admin

Olympus’ goadesoan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy rint de rûnte moarns betiid,
de kilometers Grienedyk,
wat flugger as it rinnen giet,
syn maraton, sabeare Gryk.

It meidwaan op ‘e âlde dei
is syn Olympysk ideaal,
hy stribbet ’t ivich jonge nei,
‘su mut ut’, dat is syn ferhaal.

Hy sjutteldrafket by my lâns
en groetet mei de hân en ’t wurd:
‘Wat lekker, hè?’ Dit is myn kâns:
‘Jo rinne as jongfeint, sa hurd!’

Syn himelsblauwe trimpak seit
genôch: Olympus’ goadesoan,
in Fries dy’t nei de tachtich skaait,
in foto is ’t bewiis foar moarn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum