Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Rymje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik rin al heger as de mieden,
optild troch de Grienedyk,
fernim it stribjen fan de ieuwen
nei it ivich blauwe ryk.

Ik sjoch de flear syn wite blommen
klimmen as in doweflecht,
fersiljend boppe lege wolken;
wat is skyn en wat wurdt echt?

Image

Ik wit dat fruchten komme sille
oan de stâle fan de bloei,
dat siedden út ‘e wiere ierde
opstean ta in nije groei.

Ik rin de grize dyk oer fierder
mei de eagen op ‘e kym,
it asfalt lûkt oan beide fuotten,
wylst ik sykje nei de rym.

Image

Ik rymje ierde op ‘e himel,
it ferline op it hjoed,
de lege wolken op ‘e blommen –
doweflecht en sjoch, ’t is goed.

admin

Swart leger

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Yn ’t ferlingde fan de peal,
sawat net sichtber foar it each,
belibbet er yn kamûflaazjepak
it wer allinnich wêzen;
hy krige better syn gerak
doe’t hy mei tûzen maten fleach
en fiske, fûl op foarn en iel.

Image

’t Wie in wûnderlik gehiel,
dat swarte leger op ‘e mar
bejage, dûkte, fong en friet him fol,
want meiinoar soe ’t wêze;
en doe’t de keppel fleach op hol,
besleaten se foar ús om bar
te lossen ’t ôffal fan har miel.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum