Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Oerstekke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wetter lûkt it minskdom oan
om út ‘e tiid te brekken
fan altyd wer dyselde moarn
om nei de jûn te stekken…
dêrtusken leit de dei bestoarn.

Image

It kin net sûnder ûnderdak
om jierrenlang te driuwen,
dus siket it in gaadlik plak
om by de wâl te bliuwen…
yn ’t lizzen fynt it syn gerak.

Wa’t nei de oare kant ta wol
om ’t aventoer te finen,
dy brûst mei skip en hûs en al
om’t alle weagen skine…
de dagen binne mear as fol.

Image

admin

Snitswike 2007

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wylst de hoeder moarns syn skiepkes telt,
in keppel wurden troch syn trouwe hûn,
leit noch it eilân yn in djippe rêst,
ta keppel wurden yn de lette jûn.

Image

Op ‘e toer ha se de skipkes teld
dy’t troch de finish foeren, dreaun troch striid;
hjoed sjocht er út nei wat beweecht de mêst
nei heger oan de wyn, want ’t wurdt no tiid.

Image

Sjoch hoe’t flaggen op ‘e Hurdsyldei
bewapperje it feest fan wyn en bier,
in krêft fan fiif fiert op de symfony
fan klapperjen en rûzjen withoefier.

Image

Wylst de skipkes batse yn de draai,
beweecht it eilân ûnder ’t byljend lûd
fan hûnen, keppel fan hupfaldery,
de hoeder sjocht en fynt it hjoed wol goed.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum