Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klimme

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It klimmen sit de minske yn it bloed:
de preekstoel foar it harkjend folk,
it oargel yn in noatewolk,
it lofliet op in hege wize,
de finsters spits as yn gotyk,
de hoanne nei it himelryk,
lit dan de skilder ek mar rize.

Image

De kleurebôge mei syn dûbelfoet
ferrize yn in reuzewolk
dy’t spielde oer de wetterkolk,
dy bôge klom nei in betsjutting:
de ierde waard in goed ûntwyk,
it minskdom soe tenei omlyk,
sa skreau de Skilder syn begrutting.

Image

De minske klom de ieuwen troch mei moed:
de wiisheid fan in Socrates,
it brein fan Aristoteles,
elk op syn eigen hege wize,
de kleare kleuren fan Vermeer
en noch safolle skilders mear,
lit dan dy iene ek mar rize.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum