Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kompromis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se sizze dat it gas wer djoerder wurdt,
omdat de oalje minder streamt,
omdat de iene oarloch neamt
wat foar de oar terreur betsjut.

Neam net de oarloch, mar de streamen
yn natuerlik libben, enerzjy
foar minsken, sinne, wyn-en-dy,
dy’t frede bringe yn har dreamen.

Image

Se sizze dat de Gaustersyl natoer
noch hat, mar gasoansluting mist
en datst dêr libjend dea al bist,
dat sin en wille binne djoer.

Neam net de dea, mar wol it streamen
fan it gas út blanke tank sa mids
de blommen, sprekkend kompromis
en kamûflaazje oan de seame.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum