Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Evolúsjeskiep

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As simmersinne wythjit skroeit,
it trillet boppe ’t griis fan Grienedyk
en skiere kym mei leaden loft ferfloeit,
dan is it gea woestyn gelyk.

It kaam yn ’t DNA fan skiep
dy’t hoeder Abraham út Oer meinaam:
’t oase-gen fan raam troch ei nei laam,
yn ’t skaad dêr foelen se yn sliep.

’t Oase-gen fan yn woestyn
op syk nei skaad feroare yn de tiid,
de evolúsje brocht Frysk bloed deryn,
liet brûzje, siede yn de striid.

Want wylst de sinne ’t skieppebloed
fertinne, striden keppels om it skaad,
de iene fûn yn de oase baat,
de oare siet wythjit yn noed.

Image

admin

Karakterferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hegerop, sa is it stribjen,
is men binnen, dan derút,
klim op muorren om te libjen,
bliuw net achter stien of rút.
Wa sil om de romte kribje?
Sjoch de delgong ta beslút.

Image

Himelheech mei skerpe klauwen
om te stekken nei de kroan
en de wolken nei te bauwen
mei it wyt op blauwe troan.
Kin men op syn grutskens bouwe?
Sûnder kop is it bedoarn.

Image

Boppe wetter is se kommen,
op in pealtsje sûnder grûn,
amper plak foar ierdeblommen,
mar se hat it lykwicht fûn.
Hat troch libbensmoed de kromme
stâle har de sterkte jûn?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum