Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bedrock

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Men seach it oan de tsjerketoer
en hearde ’t oan it klokkelieden
dat it doarp hiet Goaiïngea,
dat snein foar boarger en foar boer
it godlik Wurd noch hie te bieden.

Image

‘Let ’s Go foar Bedrock’ wie ’t paroal
om sneontenacht de Stones te fieren,
sneins te lizzen as foar dea
en stoned te dreamen fan ’t idoal,
de prehistoarje iepenbierend.

Image

Mar Flinstone Fred bleau sels op snein
aktyf en kipe oer de blommen,
seach de boarger en de boer
yn harren postmoderne wein
nei Bedrocks tabernakel kommen.

Image

Se gongen lykwols nei it hûs
fan stien om dêr Gods lof te sjongen;
’t halleluja stie foaroer
Freds lûde yabbadabbado’s
dy’t heger noch oer Bedrock sprongen.

Image

admin

Alvestêdetocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De fierte lit allinnich sjen
de hege foarm, in obelisk,
wat boppe-oan is, giet ferlern.

Wat tichterby jout dizich oan
in see-earn loerend op in fisk,
sa falt de brêge út ‘e toan.

Image

De minske giet de brêge oer,
omdat er altyd fierder wol,
in skipper stiet lykwols oan ’t roer.

In stjoerman stiet net op ien foet,
syn stal is oars, net rûn en fol,
yn heech ballet is hy net goed.

Image

Sa hat de frou ús fierder brocht,
wy ha it tichterby wol troch:
sy rydt de Alvestêdetocht.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum