Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Lyts mystearje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It read-wyt keart de lûden op
fan ûnnatuerlik racen
dat in kear net remje woe
omdat… wa sil it sizze?
In mystearje yn de dop.

Image

Ik gean wol fierder want ik rin
’t mystearje yn de mjitte:
útsicht oer it wetterkrús
omdat… wa kin it witte?
Tichterby hat faaks mear sin.

Image

Sa kom ik fierder troch de lins
te rjochtsjen op ‘e reiden
dêr’t it grien it wint fan giel
omdat… gjinien fan beide?
Fierderop leit faaks de grins.

Image

Ik kom no stadich tichter by
’t mystearje tusken wetter,
rinpaad, polderdyk en reid;
de reidfink sjongt it better:
‘Ut ‘e dop, dus bin ik frij!’

Image

admin

Foar de Snitswike 2007

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It moat de sprong noch weagje,
it rôljend frachtferfier,
it is net inkeld striid fan boaten,
it folk komt ek foar it fertier.

Image

De bekers sille skomje,
de kielen wurde smard,
de hûndert húskes hjitte wolkom
wat troch it lichem is fertard.

Mar nei de Roekoepôle
gie alles mei it skip,
in houten flier om op te dûnsjen,
de fleur deryn, derút de drip.

It swit koe net ferwurkje
wat yn it lichem kaam,
de slurf hong spuitsjend tusken reiden,
mei lege blaas wer nei de faam.

De rige hoecht net fierder,
de ponten farre ’t oer,
it feest sil takom wike heve
en hûndert húskes nimme ’t oer.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum