Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ballade fan it arke-paradys

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Yn ’t frije libben wie har plak
op driuwend stiel en tusken hout
yn kamûflearjend donkergrien
en boppe har it platte dak;
sy wiene mei har arke troud,
mar libbenslang, dat wist gjinien.

De namme spriek it fielen út:
dit paradys wie like moai
as ’t hôf fan Eden yn ’t begjin
dêr’t op ‘e wrâld de earste tút
kreëarre foar dy twa de toai:
natuerlik libben as de sin.

Image

Se bloeiden tusken reid en gers,
belibben hazze, ree en mol
en fleagen fûgels achternei,
wat kulminearre yn in fers,
twastimmich, fleurich, fol
gefoel, har hiele skeppingsdei.

De jierren telden nei de dei
dat wurd en sifer leine fêst
wat har op ’t lêst foar eagen stie:
hy skreau it leaf ferline nei,
dit paradys hie no wol west,
de bernsbern mar, sa wie har rie.

Image

En doe’t it stiel wat tinner waard,
it griene hout op plakken keal
en ’t daklear net mear sa fertroud,
ha bernsbern meiinoarren praat:
gjin stiel mear, mar it wurdt in steal
fan no ús tiid: beton en hout.

Image

It paradys fan stiel en hout
foel útinoar, it wie de ein,
mar net foar ’t pear fan styl en sang:
sy fierden feest, sa lang al troud
oerlibben sy wat lei ferslein,
har paradys wie libbenslang.

Image

admin

Lege dop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe komt dy dop leech op ‘e planken,
oprinnend nei de fûgelhut?
De leechte hat gjin inkeld nut
oars as protest of om te tankjen.

‘Ik protestearje tsjin jim gluorkjen,
deleagjend út ‘e fûgelhut!’
De swarte krie fleach krassend fuort
om by de ekster noch te buorkjen.

Image

‘Myn tank dat jim allinnich seagen,
úthelje wie gjin sprake fan!’
De wylde ein swom sûnder man,
brocht wol sân piken oer de weagen.

Wat soe in gluorker oars dwaan kinne
as rinne nei de fûgelhut:
de dop as relikwy fan nut
foar sjoggers dy’t der nei him binne.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum