Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Olympus’ goadesoan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy rint de rûnte moarns betiid,
de kilometers Grienedyk,
wat flugger as it rinnen giet,
syn maraton, sabeare Gryk.

It meidwaan op ‘e âlde dei
is syn Olympysk ideaal,
hy stribbet ’t ivich jonge nei,
‘su mut ut’, dat is syn ferhaal.

Hy sjutteldrafket by my lâns
en groetet mei de hân en ’t wurd:
‘Wat lekker, hè?’ Dit is myn kâns:
‘Jo rinne as jongfeint, sa hurd!’

Syn himelsblauwe trimpak seit
genôch: Olympus’ goadesoan,
in Fries dy’t nei de tachtich skaait,
in foto is ’t bewiis foar moarn.

Image

admin

Muskusrôt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Kinst it út ‘e fierte sjen:
de sokbaar is derfoar,
dan snilen foar de bern,
de bek dy’t alles hâldt
en achteroan it spoar,
dat is de muskusrôt.

Image

Witst dat is de drinkelkoai,
syn ein, dêr is er foar,
omdat er bûten roai
syn hoal yn diken bout,
mar yn de koai gjin spoar
fan muskusrôt syn fout.

Image

Kinst it fan tichtby besjen:
hy koe der net foarwei
en gie alhiel ferlern
yn frjemde, droege wrâld,
gjin spoar mear fan syn wei,
dêr leit de muskusrôt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum