Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Sicht op plicht

Keunst

fan Hobbe Smits*

De seilen binne hise,
de fleugels hingje slop,
mar wize wol de rjochting
troch sa no en dan in sucht
fan skippers en de wyn,
sy hâlde hjoed de siken yn.

De miuwen binne warber,
de wjukken litte sy
net hingje, dy bewege
sierlik; driuwend op ’e lucht
ha sy in skoander sicht,
sy sjogge fleanen net as plicht.

De seilen binne strutsen,
de fisk is djoer ferkocht,
de fisker sit net stil, mar
boetet iverich syn net,
want moarn stiet der wer wyn,
sykhellet hy de seelucht yn.

* Hobbe Smits (1862-1942)
Skilderij ‘Sicht op Durgerdam’
Skilderij ‘Netten boetsje’

admin

It oansjen

Keunst

fan Jan Toorop*

De measten steane noch te sjen
yn tsjokke klean, de wanten oan,
as ’t wyfke mei de wite mûtse
op yn rjochte streken koeke snijt…
wa sjocht der no nei ’t bern?

It famke stiet dêr wat ferlern,
hoewol’t har jas wol oansjen hat
mei djippe bûsen foar de hannen;
wylst se wankel op ’e redens stiet,
sjocht sy hoe’t heit it kin.

Heit slacht syn iene skonk fier út
om sjen te litten hoe’t it moat:
mei beide hannen yn de bûse
stapt er oer, rydt streekrjocht op har ta,
hy nimt foar har ’t beslút:

‘Pak my mar by de winterjas
en doch my mei dyn skonken nei,
dat wy tegearre lykop ride;
asto sels it lykwicht hâlde kinst,
dan lit ik dy wol los.’

* Jan Toorop (1858-1928)
Skilderij ‘Reedriders’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum