Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Untsnapping fan Rochefort*

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edouard Manet**

Image

Wat is de minske op in see fan macht,
de keizerlike weagen fan Napoleon
de Tredde, diktatoriaal;
hy slacht it skomjen spottend acht
en pamflettearret rûnom op in felle toan
yn anty-keizerlike taal.

Wat as de see slacht oer syn wiffe boat
en de pamfletten reitsje ûnder ’t wettich skom
fan weagen diktatoriaal;
sy farre him nei ’t fiere oard
fan Kaledonië, in eilân sûnder rom,
de ein fan Rochefort’s ferhaal?

Mar as de see syn lûden hearre lit,
dy oare fan in rûzjen nei de hoarizon,
ferriist de klippe fertikaal,
want hy dy’t oer de weagen sjit
op frijdom oan, is sterker as Napoleon,
foar Rochefort in rom ûnthaal.

* Henri Rochefort skreau ûnder it regear fan
keizer Napoleon III felle politike kritiken
en waard yn 1873 nei Kaledonië ferballe.

** Edouard Manet (1832-1883) makke
fan de ûntsnapping fan Henri Rochefort
in skilderij mei de see as wêzentlik ûnderdiel.

admin

Op ‘e boat

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edouard Manet*

Image

Hoe ha se dy de grûn yn boarre
wylsto se sile lietst,
se ha as skilder dy bekoarre
omdatst foar eagen hiest
in see fan kleuren as ympresje
dêrsto mei dwaande wiest
om wer te jaan as dyn ekspresje.

Se woene ha, de harsens brûke,
de kleuren mei ferstân
yn foarmen as in fangend fûke,
fan tinken nei de hân,
mar do hast eagen heine litten
en spatten út ‘e bân
de kleuren sûnder dy te mjitten.

Hy kin op mear manieren stjoere,
de hân op ’t rûne hout,
de eagen yn de hoeken roere
har antlit dat him jout
de ynspiraasje om te spatten
it kleurich simmergoud
oer frouwelea en rûnhoutlatten.

** Edouard Manet (1832-1883)
skildere ‘Op ‘e boat’ net neffens
de standert fan de kritisy, dy’t him
ferwieten dat er net syn harsens
brûkt hie, mar syn eagen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum