Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ienheidsbân

Keunst
PDF Print E-mail
fan M.C. Escher*

Image

Se wiene mei elkoar ferbûn,
in bân dy’t har ta ienheid makke,
ien fan holle en fan hert,
sa hiene se ’t ultime fûn,
de frucht om happich oan te pakken,
want wa’t blyn is, sjocht it oare net.

Se sweefden boppe Edens grûn,
gjin libbensbeam koe har mear hâlde,
ien yn ’t iten fan de frucht
dy’t harren stadichoan ûntbûn,
himsels fermannichfâldige
yn in swarte romte sûnder lucht.

De herten skuorre útinoar,
de hollen, leechrûn, wurde skilen,
sinnen reitsje sûnder sin,
de beam is net mear romte foar
om’t rûnten troch de romte sile,
mar der bliuwt hâldfêst fan krún oant kin.

* M.C. Escher: ‘Bysûndere tinkbylden
kin men allinnich fetsje,
as der in ôfbylding fan makke wurdt.’

admin

De brief

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edgar Degas*

Image

Ik woe it wie in leagen
dat ik fyftich wurden bin
en dat ‘k mei minne eagen
skier sjoch, net as in fersin.

Mar letter kaam de dize
net fan ’t striken fan dy frou
dy’t as in heale wize
gniisde, krekt in pronkske pau.

Se koe it amper lêze,
’t briefke fan dy âlde bok
en woe wol iepen wêze:
strutsen guod brocht grif gelok.

Ik mocht har wille lizze
yn pastel op it papier,
wat skier, mar sjoch hoe’t dizze
kleare lûden klinke fier.

Sa ha ‘k mei oare eagen
troch de dize hinne sjoen
hoe’t klean as fûgels fleagen
op ‘e wjukken fan de tsjoen.

* Edgar Degas (1834-1917)
wie in Frânske tekener en skilder
dy’t de boargers en artysten
fan Parys skerp observearre
en werjoech sa’t se wiene.
Nei syn fyftichste waarden
syn eagen minder, wat er
mar min ferwurkje koe.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum