Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Lânskip by Arnhem

Keunst
PDF Print E-mail
fan Joris van der Haagen*

ImageIt lânskip is sa wiid as ’t leauwe
yn de hege loften boppe hiel it folk
fan protestanten oant de roomsken,
want de Ivige is harren tolk;
in brede stream fan tolerânsje
kronkelet nei de see fan Hollânsk heil,
de heuvels jouwe lykwols gjin garânsje
en se hysje elk it kleure seil.

Mar dochs wie ’t better as it suden,
hjit fan strideraasje, read de streamen bloed,
fan protestanten oant de joaden
flechten foar de fanatike floed
en Joris joech de tolerânsje
kleurich yn it wide lânskip wer,
de heuvels joegen lykwols gjin garânsje
dat it pontfear wie foar allegear.

Wa’t fierder fart it hege noarden
yn, komt út yn ’t flakke gea mei rjochte kym
fan diken dy’t it lân omklamje,
fan de greide oant de mar op rym;
wa lykwols jout it folk garânsje
as de Fryske Pier swaait mei it swurd,
syn earewraak fersûpt de tolerânsje
en de Ivige sylt swijend fuort.

Image

* Joris van der Haagen (1615-1669)
syn foarâlden wiene út ‘e súdlike
Nederlannen flechte om it leauwe.
Joris is nei alle gedachten yn Arnhem
berne en yn 1640 nei De Haach ferfearn.

admin

De wiersister

Keunst
PDF Print E-mail
fan Lucas van Leyden*

Image

Sy leauden hillich yn Marije,
stieken har fier boppe froulju út,
mar seagen op har eigen libben del
dat leechlein waard as inkeld lijen,
foar de duvel as te gripen bút
mei as beslút de hel.

Dêr sit se dan as wie ’t Marije,
’t antlit wyt en op it boarst in krús,
de skurte fol ferwachting, strak de bân.
Wa mei har sa net sjen en lije,
want sy bringt ús út it lijen thús,
de takomst yn de hân.

Sy leauwe ’t leafst yn twa Marijes,
beide sizze wat is wis en wier
oer hoe’t har wiffe libben fierder rint,
want hjoed wurdt sein wat goed en nij is,
hel en duvel skele har gjin sier…
is hy it dochs dy’t wint?

* Lucas van Leyden (1494-1533)
wie grafikus en skilder.
Yn 1521 reizger er nei Antwerpen,
dêr’t er de ynfloed fan
Albrecht Dürer ûndergie.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum