Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Heech kontrast

Keunst
PDF Print E-mail
fan Louis Eugène Boudin*
fan Gert-Jan Veenstra**

Image

Mei de eagen ticht, sa stean ik op ‘e hichte,
fiel troch ’t hier de slaggen fan de wyn
en priuw it sâlt.

Troch de teisters sjoch ik dize, hoe’t it tichte
wolketek keart kleare sinneskyn
en ’t wurdt my kâld.

‘k Skuor de eagen iepen, stoarje op ‘e lichte
del en wit, hjir libje ik net yn
as wie ’t myn wrâld.

Mar dan stean ik mei beide fuotten op ‘e grûn,
dy’t oan de lange learzens sûget,
en priuw it swiet.

Ik lûk de wynbrau op en sjoch de wrâld yn ’t rûn,
de poel dy’t mei de boaten noeget
en útsicht biedt.

Myn each en ear ha út ‘e delte hichte wûn:
de wyn, dy’t wolk op wolkbank loeget,
stimt mei yn ’t liet.

Image

* Louis Eugène Boudin (1824-1898)
wie as soan fan in seeman
en skipsjonge bekend
mei see en kust.
Hy skildere op lokaasje.

** Gert-Jan Veenstra (1957-…)
waard berne yn Warkum.
Yn 1984 besleat er om him
folslein ta te lizzen op ‘e
skilderkeunst.
Hy hat syn atelier en galery
yn Offenwier.

admin

Prinsessejurk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Diego Velázquez*

Image

Dêr stiet it famke
Margarita, noch mar fiif
mei om har hinne dames fan it hôf
dy’t witte fan in keninklik posearjen;
de wite jurk is fan it djoerste stof,
stiet moai, mar sit te stiif,
toe, avesearje.

Dêr stiet de skilder,
Diego foar it hege doek
mei yn it each it keninklike pear,
it komt mei feale kleuren yn de spegel:
‘Sis Margarita, ’t jurkje docht net sear,
’t prinseske draacht gjin broek,
sa is de regel!’

Dêr leit it hûntsje
sûnder klean, lit my mar gean
om mei de fuotten op syn rêch te stean,
de hoepel om him hinne as myn regel.

* Diego Velázquez (sirka 1599-1660)
makke dit skilderij (Las Meninas)
op it hichtepunt fan syn kinnen.
De Spaanske kening Filips IV en syn frou
skildere hy yn de spegel op ‘e achtergrûn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum